In stik yn trije bedriuwen skreaun troch Diana Monshouwer en oerset troch Siep Jorna
Under begelieding fan in gids nei de binnenlannen fan Afrika. Foar de rike en dominante Luciel de ideale trip om opskeppe te kinnen by har freondinnen. Henry, in goede siel, giet lykwols om in hiel oare reden mei as syn frou. Henk en Annie, dy’t in priis wûn ha en dêrom de reis meitsje, sjogge der hielendal nei út. De jonge, ûnferskillige en luie Emma makket it reisselskip kompleet. Luciel ergeret har dea oan it hâlden en dragen fan Henk en Annie, twa typen fier ûnder har stân en fan Emma moatte se al hielendal neat ha. Al gau docht bliken dat it hielendal gjin lúkse fakânsje is, mar in survivaltocht troch de oerwâlden fan Afrika. Foar Luciel in reden om daliks werom te wollen. Spitich, de jeeps dy’t harren brocht ha, komme pas oer in pear wike werom. Oanpasse dus! At dan ek noch Fred, de gids, ynienen fuort is, dan wurdt it pas echt in tocht.. In komysk en fermaaklik blijspul dat spile wurde kin yn in ienfâldich te meitsjen dekor.
Spelers
Henry Hasenbein | Syds Wiersma |
Luciel Hasenbein | Gertrud Palstra |
Fred van Buuren | Hendrik Jorritsma |
Henk van Dijk | Mebius Brandsma |
Annie van Dijk | Maaike Riewald |
Emma Steensma | Marjon Klijnstra |

Klean en omballingen
Toos Lettinga en Cobie Jorritsma
Ynstekster
Veronic van der Tol
Dekôr
Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman
Smink
Cobie Jorritsma en Thea Elzinga
Ljocht en lûd
Edward van der Meer en Piter van der Weij
Regy
Jurjen Kuurstra en Manda Faas