Semjon

In klucht / blyspul yn trije bedriuwen fan Nikolai Erdman en oerset en bewurke troch Hans Brans
Haadpersoan is in ienfâldige arbeider sûnder wurk, Semjon, dy’t it slim fynt dat syn frou him ûnderhâlde moat èn dat skoanmem ek noch by harren ynwenje moat. De ûnfrede fan Semjon liedt ta rûzjes en ta it misferstân dat hy der in ein oan meitsje wol. Hy lit harren yn ’t earstoan yn dy waan en as der allegearre frjemde figueren op besite komme dy’t sa’n selsmoard foar har eigen doelen brûke wolle, begjint Semjon him stadichoan in held te fielen. Der wurdt in ôfskiedsmiel oanrjochte, mar as it der op oan komt, giet Semjon der foar omlizzen. Dat doart er net te sizzen tsjin de lju oan wa’t hy syn ‘heldendied’ opdroegen hie. Oant flak foar de begraffenis nimt er him foar om syn belofte nei te kommen… Pas op it tsjerkhôf springt er út ‘e kiste en bekent dat er him net foar oaren opofferje wol mar libje! In kluchtige komeedzje mei in swart rântsje.
Spelers
Semjon Syds Wiersma
Maria, syn frou Cobie Jorritsma
Serafiem, syn skoanmem Welly Landman
Aleksander, in buorman Durk Koster
Margarita, freondinne fan de bourman Anita Stockmann
Aristarch, foarsitter fan it Bûn fan Wurkleazen Mebius Brandsma
Kleopatra, in fatale frou Geertje Sikma
Viktor, in keunstner Hendrik Jorritsma
Pater Elpidius Jan Jorritsma
 Byrollen Jan Meine Oenema

Ludwig Stockmann

Theo Stockmann

Marco Jorritsma

Hiko Veldman

Marian van der Meer

Klean en omballingen

Vronie van der Tol

Ynstekster

Veronic van der Tol

Dekôr

Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman

Smink

Cobie Jorritsma en Toos Lettinga

Ljocht en lûd

Raymond , Edward en Marco van der Meer

Regy

Broer Jorritsma