Blijspul yn trije bedriuwen van Froukje Annema
Op it perron fan in middelgrutte stêd hat Eelke in blommekiosk en Arjen in kiosk mei lektuer en snobbersguod. Marie sit dêr tuskenyn as sûkerskjinne toiletjuffer. De manlju kinne net tagelyk troch deselde doar omdat Arjen yn it ferline Eelke in minne streek levere hat. Eelke hat koartlyn syn frou ferlern en hat wer oanhâld fûn by Ria, dêr’t er och sa grien mei is. Syn dochter frijt mei Jelmer, de soan fan Arjen, ta grutte argewaaqsje fan de beide heiten. Se besykje de jongelju útinoar te spyljen troch Jenny as ‘au pair’ nei Ingelân te stjoeren, mar as dy ûnferwachts earder weromkomt begjint it earmelijen op’e nij. Hawar, mei help fan Marie komt alles op syn poatsjes telâne oan ‘e ein fan it stik.
Spelers
Eelke | : Blommeferkeaper | Durk Koster |
Ria | : Eelke syn freondinne | Cobie Jorritsma |
Jenny | : Eelke syn dochter | Marieke de Boer |
Marie | : Toiletjuffer | Geartsje Sikma |
Arjen | : Kioskman | Mebius Brandsma |
Wytske | : Arjen syn frou | Monique van der Meer |
Jelmer | : Arjen syn soan | Raymond van der Meer |
Byrollen: Edwin Dijkstra, Edward van der Meer, Hendrik Jorritsma, Albertje Ydema, Baukje van der Wal, Nynke Arendz, Jessica van der Meer, Hico Veldman, Joke Rijpstra |

Klean en omballingen
Vronie van der Tol
Ynstekster
Germina Vissia
Dekôr
Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman
Smink
Toos Lettinga
Ljocht en lûd
Marco van der Meer
Regy
Jurjen Kuurstra en Frouwkje van der Meer