In klucht fan Anrys Pol oerset troch Gurbe Dijkstra
By Swa is in restaurant ergens yn Fryslân. Francois, de eigener, is in poerbêste sjef-kok, en tagelyk in fûleindich oanhinger fan Jack Nicholson. Geraldine, syn takomstige frou, is him eins opkrongen troch in omke fan him. Dy omke is stoarn en hat in knoarre jild achterlitten. Dat kin Francois allinne erve as hy mei Geraldine trout. Allinne as Geraldine net mei him trouwe wol, of dat se frjemd gean soe, dan soe Francois it jild sûnder fierdere betingst erve kinne. Geraldine is in arrogante, ûnoantreklike frou en Francois is alhiel net fan doel om mei har te trouwen. Mar Geraldine wol perfoarst wol mei Francois trouwe. Dan is der ek noch personiel dat him der mei bemuoien giet. Claudia, de tsjinster fan it restaurant, dy liket it ek wol wat om mei safolle jild it libjen troch te gean en lit, om dat slagje te litten, der sels in hiermoardner foar komme. Dan is der ek noch Tom de barman, dy wol der ek wol in slaadsje út slaan. It wurdt in kleaune fan yntriges en oan it einde ta is ûndúdlik hoe as dit ôfrinne sil.
Spelers en regie
Namme | Rol | Spiler |
Francois | Eigner | Mebius Brandsma |
Geraldine | Takomstige frou | Maaike Riewald |
Claudia | Betsjinster | Anna Wolters |
Tom | Barman | Chris Jorritsma |
Katryn | Help | Mare Wolters |
Albertine Struyf | Mem fan Katryn | Monique van der Meer |
Helge Poot | Ynspeksje | Monique van der Wal |
Carlo Mozarella | Hiermoardner | Jan van Zalinge |
Filip | Helpkok | Doetie Conradi |
Carla | Interim Helpkok | Doetie Conradi |
Klean en omballingen
Doetie Conradi en Maaike Riewald
Ynstekster
Veronic van der Tol
Dekôr
Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman
Smink
Siepie Huizinga en Mare Wolters
Ljocht en lûd
Edwin Faas en Piter van der Weij
Regy
Syds Wiersma