Ien fleach oer it koekoeksnest

In stik yn twa bedriuwen skreaun troch Dale Wasserman en oerset troch Tryntsje van der Zee.

It stik spilet him ôf yn in deiferbliuw fan in psychiatryske ynrjochting. Seis manlike pasjinten bringe dêr de tiid, elk yn eigen wrâldsje, troch ûnder tafersjoch fan twa ferpleechsters en in no en dan observearjende dokter. Op fêste mominten wurde medisinen tatsjinne en fine groepspetearen plak. Dat bart allegearre ûnder troch de pasjinten akseptearre gesach: oarder en regels moatte der wêze. Mar alles feroaret mei de komst fan de sânde pasjint: Max Midland. It is in man mei in foarskiednis: hy hat ûnderskate delikten plege en bedarre yn de finzenis. Dêr wit er him foar te dwaan as soe er gek wêze en dêrom wurdt er foar observaasje oerbrocht nei de ynrjochting. Hy hopet dêr op mear frijheid en set alles op ’e kop om dy ek te krijen. Hy spot mei alle foarskriften en regels, hat it mier oan gesach en giet neat út ’e wei om dat te ûndermynjen. Foar de seis pasjinten hat dat ek gefolgen: de regelmaat fan al den dei is fier te sykjen en de sleur wurdt behoarlik trochbrutsen. Max fersteurt de groepspetearen, makket yn de eagen fan de lieding it deiferbliuw ta in gokhal, neamt de strange haadsuster in ‘kloatemokkel yn unifoarm’ en trunet de oare pasjinten oan om net alles te pikken. Hy organisearret sels in nachtfeestje, wêrby’t er in frommes fan lichte seden de ynrjochting ynhellet. Foar ien fan de pasjinten hat har komst úteinlik fatale gefolgen. Mar net allinne foar him rint it net goed ôf!

Spelers
Max MidlandEdwin Dijkstra
SjefDurk Koster
BillySjouke Leijstra
TaborJurjen Kuurstra
HarderSyds Wiersma
MartiniJan Jorritsma
EsserMebius Brandsma
Suster WernerMonique van der Meer
Suster FlinHannie Leijstra
Dokter SpringerHinne Boschma
Cindy StarkJitske Arendz
Klean en omballingen

Vronie van der Tol

Ynstekster

Veronic van der Tol

Dekôr

Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman

Smink

Cobie Jorritsma en Thea Elzinga

Ljocht en lûd

Edward van der Meer en Piter van der Weij

Regy

Titia Jongboom