Eise Eisinga

Toaniel-musikal skreaun troch Broer Jorritsma en Monique van der Meer

 

Wa ken Eise Eisinga net as de bouwer fan it wrâldferneamde planetarium yn Frjentsjer?

Dit planetarium – dat er sels ûntwurpen en boud hat yn de wenkeamer fan syn hûs yn Frjentsjer – wurdt alle jierren troch tsientûzenen belangstellenden besocht. It wurdt algemien beskôge as ien fan de moaiste foarbylden fan folksfoarljochting dy’t de 18e ieu ús opsmiten hat.

Eise Eisinga waard berne yn 1744 yn Dronryp dêr’t syn heit wolkjimmer wie. Eise waard ek wolkjimmer en is dat syn hiele libben lang bleaun. Yn syn jonge jierren ferdjippe er him al yn de stjerrekunde en gyng er geregeldwei nei Willem Wytzes yn Frjentsjer foar lessen yn rekkenjen en algebra. Eise wie noch gjin 16 doe’t er syn earste boek al skreau oer wiskunde. Dat boek beslacht mar leafst 650 siden!

Yn de toaniel-musikal wurde guon fragminten út it libben fan Eise beljochte.

Wêrom boude er eins in planetarium? Wêrom boude er it yn syn wenkeamer? Wat wiene de (politike) omstannichheden yn dy tiid?

Wiene der ek noch mear saken dêr’t Eise him mei dwaande hold?

Wiene der noch oare hichte- en djiptepunten yn it libben fan Eise?

Spelers
Spilers Nynke Arendz
 Jitske Arendz
Hinne Boschma
Mebius Brandsma
Edwin Dijkstra
Manda Faas
Dirkje Feenstra
Margriet Groustra
Zita Hofman
Jan Jorritsma
Jellie Jorritsma
Durk Koster
Welly Landman
Edward van der Meer
 Martine van der Meer
 Anita van der Meer
 Maaike Riewald
Joke Rijpstra
Geartsje Sikma
Hiko Veldman
Germina Vissia
 Jan van Zalinge
 Liesbeth van Zalinge
Klean en omballingen

Lucie Koster en Vronie van der Tol

Ynstekster

Veronic van der Tol

Bandleden

Marco van der Meer, Edwin Faas en Minne Jan Aartsma

Dekôr

Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman

Smink

Cobie Jorritsma, Thea Elzinga en Mare Wolters

Dûns

Germina Vissia

Ljocht en lûd

Binte Fokkema

Regy

Jurjen Kuurstra en Frouwkje van der Meer

Muzyk

Marco van der Meer