In toanielmusikal skreaun troch Broer Jorritsma en Monique van der Meer
Eise Eisinga.
Wa ken Eise Eisinga net as de bouwer fan it wrâldferneamde planetarium yn Frjentsjer? Dit planetarium – dat er sels ûntwurpen en boud hat yn de wenkeamer fan syn hûs yn Frjentsjer – wurdt alle jierren troch tsientûzenen belangstellenden besocht. It wurdt algemien beskôge as ien fan de moaiste foarbylden fan folksfoarljochting dy’t de 18e ieu ús opsmiten hat. Eise Eisinga waard berne yn 1744 yn Dronryp dêr’t syn heit wolkjimmer wie. Eise waard ek wolkjimmer en is dat syn hiele libben lang bleaun. Yn syn jonge jierren ferdjippe er him al yn de stjerrekunde en gyng er geregeldwei nei Willem Wytzes yn Frjentsjer foar lessen yn rekkenjen en algebra. Eise wie noch gjin 16 doe’t er syn earste boek al skreau oer wiskunde. Dat boek beslacht mar leafst 650 siden! Yn de toaniel-musikal wurde guon fragminten út it libben fan Eise beljochte. Wêrom boude er eins in planetarium? Wêrom boude er it yn syn wenkeamer? Wat wiene de (politike) omstannichheden yn dy tiid? Wiene der ek noch mear saken dêr’t Eise him mei dwaande hold? Wiene der noch oare hichte- en djiptepunten yn it libben fan Eise? 100 jier Hâld Moed. Dit 100-jierrich jubileum wolle wy net stikem foarby gean litte. Dat moat fansels fierd wurde want soks heart by de feriening. Wichtichste útgongspunt by dit alles wie: “Wy wolle it sels dwaan”. Wy wolle sels wat meitsje dêr’t gebrûk makke wurdt fan alle kreativiteit dy’t yn de feriening oanwêzich is. En wa’t meidwaan wol, docht mei. Wy binne begjin 2003 begûn mei de earste tariedingen foar dizze produksje. It oantal oeren dat der yn totaal ynstutsen is, is ûnbekend en dat wolle wy ek sa hâlde. Want soks is net wichtich. Wat wol wichtich is foar de feriening, is dat wy in lang skoft tige kreatyf mei-inoar dwaande west hawwe, in protte nije saken opstutsen hawwe en mei-inoar in protte nocht en wille hân hawwe. Elts hat himsels útleve kinnen yn datjinge dêr’t hy as sy goed yn is. Wy fine sels dat it resultaat der wêze mei. |
Mar, sille jimme no tinke, dat resultaat, dat sille wy as publyk dochs grif sels wol útmeitsje as dat goed is of net? Fansels! Dêrfoar daagje wy jimme út. Wy nimme jimme mei nei de 18e ieu. Oardielje sels… en jou dêrby net allinnich jimme eagen… mar ek jimme earen goed de kost!
Spelers en regie
Spilers | Nynke Arendz |
Ursel Braaksma | |
Manda Faas | |
Margriet Groustra | |
Zita Hofman | |
Cobie Jorritsma | |
Hendrik Jorritsma | |
Jan Jorritsma | |
Jellie Jorritsma | |
Durk Koster | |
Jurjen Kuurstra | |
Mira Kuurstra | |
Welly Landman | |
Edward van der Meer | |
Marian van der Meer | |
Monique van der Meer | |
Gertrud Palstra | |
Joke Rijpstra | |
Geertje Sikma | |
Hiko Veldman | |
Germina Veltman | |
Klaske Veltman | |
Syds Wiersma |
Klean en omballingen
Vronie van der Tol
Ynstekster
Baukje van der Wal
Dûnsjen
Germina Vissia
Dekôr
Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman
Smink
Cobie Jorritsma
Muzyk
Marco van der Meer en Edward van der Meer
Ljocht en lûd
Marco en Edward van der Meer en Edwin Faas
Regy
Jurjen Kuurstra en Frouwkje van der Meer
Sjongen
Monique van der Meer