Dea fan in hannelsreizger

In stik fan Arthur Miller en oerset troch Pyt en Tryntsje van der Zee

Willy Loman, 63 jier âld en hannelsreizger, fernimt wol dat it net mear sa bêst mei him giet: hy kin him hieltiid minder konsintrearje en fielt him ûnwis. Hy besiket in oare funksje te krijen by de firma dêr’t er foar wurket, mar de jonge, nije direkteur – de soan fan de âlde direkteur – wol der neat fan witte en seit dat er earst mar es rêstich oan dwaan moat; wat sa folle betsjut as dat er op termyn dien krijt. En in fatsoenlik pensjoen sit der net yn.

Loman syn soargen hawwe ek te krijen mei syn soannen, Biff en Happy. Se binne al oer de tritich en wat hawwe se fan harren libben makke? Beide soannen kinne net meikomme mei heit syn byld fan de wrâld, wêr yn hurd wurkjen fansels liedt ta grutte prestaasjes en beleannings, de dream fan in fantastyske takomst.

Troch ‘flash-backs’ en fantasysênes oer it tinken en de idealen fan Willy, krijt de taskôger in folslein byld fan de tragyk fan in ienfâldich man yn de moderne tiid.

De dea fan in hannelsreizger is in moderne trageedzje oer in man, dy’t mei woe mei syn tiid, mar slachtoffer waard fan syn idealen en yllúzjes. Tagelyk is it ek in oanklacht tsjin de prestaasjemaatskippij.

Spelers
Willy Loman Mebius Brandsma
Linda, syn frou Germina Vissia
Biff, soan fan Willy en Linda Edwin Dijkstra
Happy, soan fan Willy en Linda Hendrik Jorritsma
Bernard Jan Meine Oenema
Charley Syds Wiersma
Omke Ben Durk Koster
De Frou Toos Lettinga
Howard Hinne Boschma
Stanley Hiko Veldman
Miss Forsythe Hannie Leijstra
Letta Thea Elzinga
Klean en omballingen

Vronie van der Tol en Frouwkje van der Meer

Ynstekster

Veronic van der Tol

Dekôr

Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman

Smink

Cobie Jorritsma en Thea Elzinga

Ljocht en lûd

Edward van der Meer en Piter van der Weij

Regy

Titia Jongboom