De Magnetron

In stik yn trije bedriuwen skreaun troch Bonne Stienstra.

 Fokke Heeringa, in man allinne, libbet hiel ienfâldich op ‘e romte, sûnder alle hjoeddeiske geriif fan machines en apparaten. Kontakt hat er allinne mei de buorlju. Bûtensteanders fine it by him yn ‘e hûs in grutte binde, mar Fokke is der lokkich mei. De gemeente is lykwols fan betinken dat der wat oan dien wurde moat en stjoert in maatskiplik wurkster op ûndersyk út. It frommeske wit Fokke safier te krijen dat er in wike by har yn ‘e húshâlding sil. Der moat him wat hygiëne en beskaving bybrocht wurde. Grutter tsjinstelling as tusken it frije, rêstige, natuerlike libben fan Fokke en it fleanen en jachtsjen yn ‘e húshâlding fan de maatskiplik wurkster en har man en bern is der net te betinken. De útfanhûzerij mislearret dan ek folslein.

Spelers
Fokke Heeringa Hiko Veldman
Tine Boersma Germina Vissia
Jelle Boersma Jan Jorritsma
Mirjam de Groot Jessica Dijkstra
Gerlof de Groot Hinne Boschma
Sander Piter van der Weij
Nynke Monique van der Wal
Klean en omballingen

Toos Lettinga en Cobie Jorritsma

Ynstekster

Veronic van der Tol

Dekôr

Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman

Smink

Cobie Jorritsma en Thea Elzinga

Ljocht en lûd

Binte Fokkema en Edward van der Meer

Regy

Jurjen Kuurstra en Maaike Riewald