Hâld Moed online bingo

Online Bingo!

Njoggen jannewaris 2021 soe in frjemde dei wurde. Gjin útfiering fan ús stik “in frou fan fiif miljoen”. Dat drige foar elk in swiere jûn te wurden. Derom hawwe wy op dy jûn in online bingo organisearre. Sa hiene wy dochs noch wat ferbining en in geselliche jûn.

We spielen twa omgongen bingo. En dy waren ôfwiksele troch reklame en nijs! De leden hiene mear as 20 reklame filmkes ynstjoert. Syds fersoarge as foarsitter de iepening, Romke wie de “bingomaster”, Veronic lêsde it nijs foar en Broer fersoarge it waarberjocht. De technyk wie yn hannen fan Chris. It tema wie “winter”.

Twaenfjirtich leden hawwe meidien! Mei-inoar 75 minsken. In prachtige jûn!  Hâld Moed op syn bêst. ???

Organisatie

Romke, Toos, Syds, Veronic, Cobie, Chris en Broer