As de keallen op it iis dûnsje

In klucht yn trije bedriuwen fan John Dole oerset troch Dick Eisma

Gerard Groen besteget syn frije tiid oan it besjen fan ‘e stjerren. Benammen it stjerrebyld Lyra, dat seit him wat. Op in jûn, as der in moannefertsjustering ferwachte wurdt, jout hy him der sa yn, dat er de libbene Lyra as in prachtich jongfaam by him de keamer ynkommen sjocht. Hja seit dat hy har roppen hat en dat hja him helpe wol syn problemen op te lossen. Sa wol hja helpe om syn ferkearing mei Andrea troch middel fan in leafdesdrank op it goede spoar te setten. Mar dat rint út ‘e hân. Want behalve Andrea reitsje ek oaren, dy ’t dêr thús hearre of dêr komme, ûnder ynfloed fan dy drank. Dat binnen syn keamermaat Fred en dy syn faam Selena, Roas, in buorfamke, en Gab, de monteur fan it G.E.B. Gerard syn mem bliuwt der frij fan, dat dy kin gewoan mei Lyra prate. As de betsjoening, troch yn ‘e hannen te klappen, ophâldt, is it smoarfereale-wêzen oer en giet elk wer gewoan syn wegen. Sagau hawwe Gerard en Andrea, frou Groen de doar net útlitten, of hja falle mekoar om ‘e hals en wurde it iens. Lyra besjocht noch efkes it resultaat fan har wurk en reizget dan tefreden ôf nei it plak, dêr ’t hja weikommen is en thús heart.

Spelers
Gerard Groen, drogist Edwin Dijkstra
Fred Koper, fertsjintwurdiger Jan Jorritsma
Selena de Boer, freondinne fan Fred Alberje Ydema
Lyra, it famke fan boppen Toos Lettinga
Andrea Willems, akela, ferloofd (?) mei Gerard Manda Faas
Roas Franken, buorfamke Jessica van der Meer
Frou Groen, mem fan Gerard Nynke Arendz
Gabri van Zon, de man fan it ljocht Syds Wiersma
Klean en omballingen

Vronie van der Tol

Ynstekster

Marian van der Meer

Dekôr

Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman

Smink

Cobie Jorritsma

Ljocht en lûd

Marco van der Meer

Regy

Frouwkje van der Meer en Broer Jorritsma