In komeedzje fan Wannie de Wijn
Oerset troch Gurbe Dijkstra
Sân akteurs krûpe yn de hûd fan de amateurspilers fan Toanielploech Sân. De toanielploech mei einlings repetearje yn de grutte seal fan de skouboarch. Om it nivo omheech te heljen, ha se foar dizze foarstelling in profesjonele regisseur ynhierd. De sfear wurdt oanienwei nerveuzer, der is net folle tiid mear oant de premjêre, de reigsseur wurdt ûngeduldiger, kostúms binne net ôf, der is gjin dekor en wa docht no eins presies wat? En wa sit der hieltyd mei it ljocht te kloatsekjen, wannear komt Joop en wa docht it mei de regisseur en wa net? Allegear fragen dêr’t noch in antwurd op komme moat, foar de jûn fan de premjêre…
Spelers en regie
Personage | Gespeeld door |
Albert | Syds Wiersma |
Henk | Mebius Brandsma |
Nelleke | Gertrud Palstra |
Esmee | Nynke Arendz |
Harrie | Jan Jorritsma |
Daphne | Marjon Roersma |
Tom | Hinne Boschma |
Klean en omballingen
Nynke Arendz en Toos Lettinga
Ynstekster
Veronic van der Tol
Dekôr
Jurjen Kuurstra en Hiko Veldman
Smink
Cobie Jorritsma
Ljocht en lûd
Edward v.d. Meer en Edwin Faas
Regy
Jurjen Kuurstra